Sirenes dochs op autoradio

Sirenes fan de helptsjinsten binne tenei dochs te hearren op de autoradio. Minister Schultz fan ferkear wol it saneamde Flistersysteem ynfiere. It foarige kabinet woe it net. It soe in soad jild kostje. It docht no bliken dat it systeem it ryk gjin jild kostet.
Flister is allinnich te hearren op publike radiostjoerders. De kommersjele stasjons dogge net mei. CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe hat him 4 jier ynsetten foar Flister.