Sven Kramer: Ik bin der wer by

20 jun 2011 - 16:18

Reedrider Sven Kramer rekkenet derop dat er der oan it begjin fan it nije seizoen by it NK ôfstannen wer by is. Dat hat er moandeitemiddei bekend makke.

De reedrider fan It Hearrenfean hie in blessuere. Dy is noch net hielendal oer, mar Kramer hoecht no net mear oanpast te trainen. It NK ôfstannen stiet foar begjin novimber op it programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)