Jacobi: Omrop status aparte

Lutz Jacobi (foto: Omrop Fryslân)
Omrop Fryslân is sa wichtich foar de Fryske taal en kultuer dat de omrop in spesjale status krije moat. Dat seit PvdA-Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea yn reaksje op kabinetsplannen.
It kabinet wol de selsstannigens fan de regionale televyzjestjoerders opheffe en se byelkoar op Nederlân 3 ûnderbringe. As dat plan trochgiet, soe de omrop in ledewerfaksje begjinne kinne, seit Jacobi. Mei 150.000 leden kin dan in offisjele status oanfrege wurde.