Fabryk hast stjonkfrij

20 jun 2011 - 12:58

Teeling Petfood yn Feanwâlden is hast klear mei in ynstallaasje tsjin stonkerij. It fabryk makket bistefoer. Minsken yn de omkriten kleie al jierren oer de geur dy't dat jout. Meiwurkers fan it fabryk binne no drok dwaande mei in nije ynstallaasje, kompleet mei piip. Moandei of tiisdei is it wurk dien.

As alles goed ynregele is, moat de stank 85 prosint fermindere wêze. Foar de omwenners betsjut it dat it moandei of tiisdei oer is mei de oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)