Problemen by omropfúzje SWF

20 jun 2011 - 12:33
  • Radio Markant (foto: Omrop Fryslân)

De fúzje tusken de trije lokale omroppen yn Súdwest-Fryslân sit fêst. A7 út Boalsert/Wûnseradiel en RTN Nijefurd binne it iens. Sy gean fierder ûnder de namme SWF Lokaal. Radio Markant út Snits docht op dit stuit net mei.

Der leit in ôfspraak om elkoars radioprogramma's troch te jaan. Dat is technysk mooglik makke troch de fiif eardere fúzjegemeenten. Mar yn de praktyk komt dêr neat fan. Markant komt net op SWF Lokaal en oarsom ek net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)