Motorplysje hast omriden

In 68-jierrige autobestjoerder út Berltsum hat sneintejûn hast in motorplysje omriden by Easterwâlde. Dy woe de man oanhâlde op de provinsjale dyk omdat er gefaarlik ried. De Berltsumer ried troch in read ferkearsljocht en helle mear as ien kear gefaarlik yn.
De motorplysje kaam der goed foarwei. De autobestjoerder moast syn rydbewiis ynleverje. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.