Grutte sykaksje nei syljacht

20 jun 2011 - 08:01

21 rêdingsboaten hawwe freed op de Waadsee en de Iselmar socht nei in syljacht dat problemen hawwe soe. It Kustwachtsintrum krige in needoprop. Omdat it net slagge kontakt te krijen, is in sykaksje opset. Dêr diene ek twa helikopters en in fleantúch fan de Kustwacht oan mei.

Nei ferrin fan tiid slagge it om kontakt te krijen mei de eigner fan it syljacht. De boat lei feilich yn de haven fan Teksel. De eigner hie problemen hân mei de marifoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)