Jirnsum: 55.000 euro foar ALS

© Omrop Fryslân
Foar ûndersyk nei de spiersykte ALS is sneon yn Jirnsum 55.000 euro opbrocht. Under de namme 'Trap ALS de wereld uit' koene minsken optredens sjen en meifarre op in skûtsje. Fierders wiene der twa kuiertochten en trije fytstochten. Sponsors joegen ek jild en der wie in feiling dêr't fuotbalshirts mei hantekenings fan ferneamde spilers kocht wurde koene.
Yn fjouwer jier tiid is yn Fryslân 260.000 euro ophelle tsjin ALS.