Frou slacht portier

19 jun 2011 - 14:50

In 27-jierrige frou út Tuitjenhorn yn Noard-Hollân is sneontenacht oanhâlden yn Ljouwert. Se soe de útsmiter fan in hoarekagelegenheid oan de Nijstêd foar de holle slein hawwe. Dy hie har frege om fuort te gean. Mar dat woe se net en doe joech se de 46-jierrige portier in klap.

De frou is troch de plysje meinaam nei it buro. De portier hat oanjefte dien fan mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)