Tsjin auto's oan skopt

19 jun 2011 - 14:35

Twa Ljouwerter fan 25 en 26 jier binne sneontenacht oanhâlden foar it fernielen fan twa auto's. In tsjûge seach dat se tsjin in parkearde auto oan skopten en belle de plysje.

De optrommele aginten seagen de beide manlju dêrnei op strjitte rinnen. Op de Aldegalileeën binne de manlju oanhâlden. Dêrby besocht ien fan harren in plysje te slaan en se misledigen de beide plysjes. De autoskoppers binne meinaam nei it plysjeburo en ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)