Dieven bûtenboardmotor oppakt

19 jun 2011 - 14:07
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Twa Ljouwerters fan 29 en 23 jier binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden omdat se in bûtenboardmotor stellen hiene. De plysje krige in tip dat der manlju dwaande wienen in motor achter in boat wei te heljen. Dat barde oan de Swartewei yn Eastermar.

De manlju waarden oanhâlden op de Biltwei by De Rottefalle. Se hiene de bûtenboardmotor yn de eigen auto lizzen. De Ljouwerters moasten mei nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)