Nije tankautospuit yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert stekt noch dit jier 318.000 euro yn in nije tankautospuit fan de brânwacht. It blussysteem wurket mei wetter, skûm en lucht ûnder hege druk. Dêrtroch is minder wetter nedich by it blussen. Dat hat ûnder oare as foardiel dat by it blussen minder skea ûntstiet oan de ynventaris fan gebouwen.
De gemeenteried praat der ein dizze moanne oer. Yn 2013 wol de gemeente noch sa'n brânwachtauto.