Dirk Fabriek wint Grinzer Pein

18 jun 2011 - 22:08

Dirk Fabriek hat sneontejûn de ynternasjonale gersbaanwedstriid yn de Grinzer Pein wûn. Yn de A-finale gong it earst mis mei Fabriek dy't ûnderút gong om't Jeffrey Woortman him rekke. Woortman waard diskwalifisearre. Nei de nije start pakte Jannick de Jong de kop, mar maleur mei de motor betsjutte ek foar him de ein fan de wedstriid.

Dirk Fabriek, yn gefjocht mei De Jong, kaam sa riant oan de lieding. De Dútsers Bernd Diener en Jörg Tebbe waarden twadde en tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)