Partoer Van der Meer wint

Rutmer van der Meer
Rutmer van der Meer, Taeke Triemstra en Pier Piersma binne sneon de winners wurden fan útnoegingskeatspartij foar manlju yn Ternaard. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-0 te sterk foar Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Folkert van der Wei.
De finale begûn lykop, mar fral troch goed perkspul fan ûnder mear Triemstra koe de oerwinning pakt wurde. Opslagger Rutmer van der Meer krige in blauwe kaart fan de skiedsrjochter foar protestearjen.