Ie opnij winner NK keatsen

© Omrop Fryslân
Ie mei him ek dit jier Nederlânsk kampioen keatsen by de froulju neame. It partoer mei Froukje Wolters, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken wûn sneon de finale mei 5-3 en 6-2 fan Grou. Foar Grou keatsten Nynke Sinnema, Debora Oosterman en Afke Hijlkema. De oerwinning fan Ie bestjut in prolongaasje fan de titel út 2010.
It Nederlânske kampioenskip waard hâlden yn Amsterdam. Boalsert pakte de tredde priis op it NK.