Besuniging: Oerol wol troch

18 jun 2011 - 15:58
  • Foto's: Omrop Fryslân

It Oerolfestival giet troch, ek al krijt de organisaasje minder jild troch besunigings op kultuer. Dat sei Joop Mulder freed by de iepening fan de tritichste edysje fan it jierlikse festival op Skylge. As de besunigings trochgean, krijt Oerol 4 ton minder subsydzje. Oerol hat wol in kaartaksje op tou set tsjin de ryksbesunigings.

Dizze edysje hat tsien dagen lang 'It lûd fan in eilân' as tema. De Peking Opera is ien fan de hichtepunten. Der wurde 55.000 besikers ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)