Jonge feteranen komme net

18 jun 2011 - 14:38

Sânhûndert âld-militêren wiene sneon op de Feteranedei Fryslân yn it WTC Expo yn Ljouwert. It evenemint luts mar in hantsjefol militêren fan 'e jongere generaasjes. De âldere generaasjes hiene de oerhân.

Feteranen hawwe faak gefaarlik en emosjoneel oangripend wurk dien. De oerheid nimt syn ferantwurdlikens dêryn. Foar militêren dy't útstjoerd west hawwe, wurdt de neisoarch ynkoarten by wet regele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)