'Kemping hat te fier útwreide'

Kemping De Jerden by Sleat
De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat nimt ein dizze moanne in beslút oer kemping De Jerden by Sleat. De eigner hat fjouwer jier ferlyn it terrein 45 kante meter te folle útwreide, fine B en W. De eigner moat dat ekstra stik mei de húskes dêrop net mear brûke. Mar de eigner seit dat dat ekstra stik terrein wichtich is foar syn bedriuw.
Wethâlder Bonnema fynt dat de kemping om lyk moat. It ekstra stik leit te ticht op in wettersuvering en it past net yn it iepen lânskip,