Min waar: aktiviteiten ôfsein

18 jun 2011 - 11:32
  • Foto: Omrop Fryslân

Tal fan aktiviteiten yn de provinsje gean sneon net troch fanwege it minne waar. Sa giet it fierljeppen op It Heidenskip net troch. Fierders giet in iepenloftkonsert fan muzykferiening Hosanna yn Harns ek net troch.

Yn Snits is it programma fan it kultureel festival Ut Sneek ôfsein. Earder waard al de IFKS-silerij op de Burgumermar skrast. Op 'e Aldegeaster Brekken soe syld wurde mei preammen, mar dat giet ek net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)