Fertochte moard Snits pakt

18 jun 2011 - 07:24

De man dy't socht waard yn ferbân mei de gewelddiedige dea fan in frou yn Snits, is freedtejûn oppakt yn België. De man is in 42-jierrige ynwenner fan Denekamp.

Freedtemoarn betiid waard de 27-jierrige frou dea yn in wenning oan de Partuerstrjitte fûn, neidat se sels even derfoar de helptsjinsten warskôge hie. De plysje begûn nei it misdriuw in grutte syktocht nei de fertochte en syn blauwe Volvo. De fertochte is de eks-man fan de sus fan it slachtoffer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)