Sedeskeiner ûnder tafersjoch

17 jun 2011 - 16:43

In 53-jierige Ljouwerter moat fan justysje ûnder tafersjoch pleatst wurde en in behanneling krije. De man wurdt fertocht fan it sjen litten fan syn geslacht en it yn besit hawwen fan berneporno. Begjin dit jier soarge de saak foar in soad ûnrest yn de wyk Cammingabuorren.

De man waard ferskate kearen trapearre yn in grutte boartersguodwinkel yn Ljouwert. Hy rûn der troch de saak mei syn spultsje ta de broek út, wylst der bern yn de buert wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)