Van der Haar praat mei Cambuur

17 jun 2011 - 16:00

Albert van der Haar fan FC Zwolle hat in earste oriïntearjend petear hân mei SC Cambuur. Dêryn hat algemien direkteur Gerald van den Belt oanjûn dat er de 35-jierrige ferdigener graach nei Ljouwert helje wol. Van der Haar stiet ek iepen foar in transfer nei Cambuur.

"Wij zien hem als een jongen die zowel links centraal als links op het middenveld uit de voeten kan", sa seit Van den Belt. Begjin takom wike komt der mear dúdlikens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)