'Omrop tenei inkeld op NL 3'

17 jun 2011 - 15:50

Minister Van Bijsterveldt wol dat Omrop Fryslân net selsstannich fierder giet. Yn in brief oan de Twadde Keamer skriuwt se dat de regionale en lanlike omroppen yntegrearje moatte. De programma's fan Omrop Fryslân soene dan inkeld mar op Nederlân 3 te sjen wêze yn in finsterprogrammearing. De finansiering fan de Omrop giet dan ek oer fan de provinsje nei it ryk.

Van Bijsterveldt wol 125 miljoen op de publike omroppen besunigje. De plannen moatte yn 2016 trochfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)