Van der Duim nei heale finale

17 jun 2011 - 14:31
  • Antal van der Duim (foto: Omrop Fryslân)

Tennisser Antal van der Duim hat de heale finale fan it Futuretoernoai yn Alkmaar helle. Yn de kwartfinale wie de Finkegeaster yn trije sets te sterk foar de as fjirde pleatste Wytrus Sirhei Betau. De setstannen wiene 0-6, 6-2 en 6-3.

Van der Duim, de nûmer 531 fan de wrâldranglist, hat ek in wildcard krige foar it Challengertoernoai yn Skeveningen. Dat is it iennige Challengertoernoai fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)