Grut ûndersyk nei dea frou

17 jun 2011 - 11:11

De plysje ûndersiket mei 25 minsken de dea fan in frou út Snits. Se is freedtemoarn betiid mei geweld om it libben brocht yn in hûs oan de Partuerstrjitte. De frou hat sels noch 112 belle, mar de helpferlieners koene neat mear foar har dwaan.

De mooglike dieder is útnaaid yn in blauwe Volvo S80 mei kenteken 51-RK-RK. Wa't de auto riden sjocht, moat sels neat dwaan, mar de plysje belje. De man en twa bern fan de fermoarde frou binne opfongen yn it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)