Ynbrekkersduo langer fêst

Twa Ljouwerters fan 22 en 29 jier moatte langer fêstsitten bliuwe foar ûndersyk nei ferskate ynbraken. Se soene ûnder oare ynbrutsen hawwe yn wenten en by bedriuwen yn Mûnein, Gytsjerk en Tytsjerk. Dêrby namen se sieraden, paspoarten, in bedriuwsklûs en in bysûnder muntstik mei.
De rjochter-kommissaris hat besletten dat it duo twa wiken langer fêstsitten bliuwe moat. Mooglik hâldt de plysje mear persoanen oan fanwege de ynbraken.