Reboelje oer kleur pompeblêd

Binnen de IFKS-klasse fan it skûtsjesilen is reboelje ûntstien oer de kleur fan it Fryske pompeblêd yn it seil. In soad skippers hawwe reade pompeblêden op de seilen.
De Commissie Generaal fan de IFKS hat dat jierren tastien, mar wol no dat de skippers dy pompeblêden swart meitsje. By de skippers is no in soad ûndúdlikheid ûntstien oer de regels. Se wolle útlis.