Frou yn Snits dea yn hûs

17 jun 2011 - 06:23

In frou (27) út Snits is freedtemoarn betiid yn in wenning oan de Partuurstrjitte troch geweld om it libben kaam. De frou belle sels 112, mar de meiwurkers fan de ambulânse en de traumahelikopter koene neat mear dwaan foar de swier ferwûne frou.

In man dy't der mooglik by belutsen wie, is útnaaid yn in blauwe Volvo S80. De plysje freget minsken om út te sjen nei de auto mei kenteken 51-RK-RK. Wa't de man sjocht, moat sels neat dwaan, mar de plysje belje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)