Bibleteken Menameradiel bliuwe

16 jun 2011 - 22:34

De bibleteken yn Menameradiel bliuwe foarearst iepen. De gemeenteried wegere tongersdei om 100.000 euro op de bibleteekfoarsjenning te besunigjen. De besuniging komt no út op 45.000 euro. De bibleteken hâlde in subsydzje fan 55.000 euro.

Betingst is wol dat de gemeenteried in goed rapport krijt wêryn't it bestjoer fan de bibleteken oanjout dat se effisjinter wurkje sille en dat se mear leden besykje te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)