Dronryp en Easterein yn finale

16 jun 2011 - 22:03
  • Dronryp tsjin Wytmarsum
  • Easterlittens tsjin Easterein (foto's: Jaap Bonhof)

Dronryp en Easterein keatse freedtejûn de finale fan it 13e Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote op it plein fan Easterlittens. Dronryp wûn de earste heale finale fan Wytmarsum. De Rypsters namen in foarsprong fan twa spul, kamen mei 4 om 'e 3 achter om dêrnei dien wurk te meitsjen: 8-5.

Mearfâldich kampioen Easterlittens koe oant trije spul gelyk bybliuwe. Dêrnei wie Easterein op en út krekt wat better en wûn fertsjinne mei 8-3. De finale begjint freed om healwei achten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)