Proef:slutingstiid sels bepale

16 jun 2011 - 16:43

Dongeradiel wol in proef dwaan mei it frijlitten fan de iepeningstiden fan de hoareka. Der is no faak oerlêst as alle kroegen tagelyk om fjouwer oere tichtgeane. Dat kin oars as besikers ek nei fjouweren yn de hoareka wêze meie.

Doel is dat de proef 1 septimber yngiet en oardel jier duorret. Meikoarten nimt de gemeenterie in beslút oer it al of net dwaan fan it eksperimint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)