Nei 5 jier wer VVV yn Balk

Aldemardum, Balk en Sleat krije wer in offisjeel VVV-kantoar. Yn 2006 gie it âlde VVV fallyt. It wurk waard oernaam troch Gaasterlân Promotion.
De gemeente Gaasterlân-Sleat fynt it belangryk om it herkenbere VVV-logo wer op de gebouwen te hawwen. Gaasterlân Promotion hat dêrom no in lisinsje-oerienkomst tekene mei it VVV fan Langwar en De Jouwer. Gaasterlân Promotions bliuwt noch wol in selsstannige organisaasje.