Nije slûs Starum komt der

16 jun 2011 - 14:28

De ferdûbeling fan de slûs by Starum kin trochgean. De provinsje hat tongersdei grien ljocht jûn foar it projekt fan 19 miljoen euro. Mei de bou moat in ein komme oan de lange wachttiden foar de wettersporters.

De hjoeddeistige Johan Frisoslûs kin de drokte simmerdeis net oan. De nije slûs sil der grien útsjen. Derneist komt der in ynformaasjesintrum. De bou begjint yn 2012 en moat in jier letter klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)