AZ wol Roy Beerens

Roy Beerens
AZ hat by SC Hearrenfean ynformearre nei oanfaller Roy Beerens. Op dit stuit hikke de Alkmaarders oan tsjin it transferbedrach dat Hearrenfean foar Beerens ha wol. Beerens hat noch in kontrakt foar twa seizoenen.
'Beerens heeft aangegeven dat hij weg wil, maar dan wel tegen onze voorwaarden', sa seit technysk direkteur Johan Hansma. Neffens de saakwaarnimmer fan Beerens stiet de oanfaller iepen foar in transfer nei AZ.