Gjin beswier nije pikestâl

16 jun 2011 - 12:24

De bou fan in nije pikestâl op De Harkema liket der te kommen. It kolleezje fan Achtkarspelen wol dat de gemeenteried beslút om de útwreiding goed te karren. Dat beslút moat dizze moanne nommen wurde.

De saak rint al mear as fjouwer jier. De aksjegroep Betonwei wie earder fûl tsjin de útwreiding. De pikehâlder hat syn plan oanpast om de omwenners temjitte te kommen. It aksjekomitee wit noch net oft se nije beswieren yntsjinje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)