Fiif pakt mishanneling B'fean

16 jun 2011 - 11:12

De plysje hat oant no ta fiif jonges oanhâlden nei de ravaazje yn in kampearbuorkerij yn Bakkefean. Se hearre by de groep dy't sneontenacht leden fan de kristlike jeugdferiening út Broek op Langedijk yn de sliepseal fan De Harmsdobbe mishannelen mei stokken en bierfleskes.

In Bakkefeanster (19) waard fuort oanhâlden om't er ferwûne rekke. De plysje tinkt noch mear oan te hâlden, sa tusken de 8 en 10 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)