Man út Langwar mishannele

In man (38) út Langwar is woansdei mishannele. Hy sei wat fan it rydgedrach fan in man (22) út Wolvegea. Dy feroarsake op in krusing op It Hearrenfean hast in ûngelok. Nei't de Langwarder wat sei, waard er mei de auto klemriden. Ek waard er yn it gesicht slein en rekke syn bril stikken.
De Wolvegeaster naaide út, mar koe letter oppakt wurde. De plysje siket tsjûgen. Hy ried yn in swarte Volkswagen Bora.