Fleanoefening boppe Marnewaard
Fleantugen fan de basis yn Ljouwert oefenje nije wike boppe de Marnewaard. De oefening mei de namme Basic Windmill is fan tiisdei oant en mei freed. It is oerdei, fan 9.00 oere oant 16.30 oere.
De oefening is bedoeld as oplieding foar de 'forward air controllers'. Dat binne militêren dy't fan de grûn oanwizings jouwe oan de piloaten.