Mear tiid foar beslút Parnas

Ljouwert nimt mear tiid om út te finen wat der nei it ferdwinen fan sintrum foar de keunsten Parnas gebeure moat. Dat Parnas ferdwynt en dat it kultuer-ûnderwiis op in oare wize organisearre bliuwt, stiet lykwols noch fêst.
Dat is dúdlik wurden yn de gearkomste fan de riedskommisje wolwêzen. De koalysjepartijen PvdA, CDA en PAL-Grien Links ha noch in hiel soad fragen dêr't in antwurd op komme moat en dêr wurdt no in heal jier foar útlutsen.