Game moat toeristen lûke

15 jun 2011 - 20:02

De VVV op It Amelân set in spultsje op de tillefoan yn om mear minsken nei it eilân te lûken. It spultsje is foar op de iPhone. It hjit Muddy Monsters Attack Ameland. It kostet 80 eurosint.

De VVV hopet dat minsken dy't it spultsje spylje de boat pakke sille nei it eilân, sadat se alles ris in kear yn it echt sjen kinne. Yn it spultsje wolle de Wadblubbers it ljocht fan de fjoertoer útdwaan. De spiler moat it eilân beskermje tsjin dy Wadblubbers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)