Wandkleed bliuwt yn Boalsert

15 jun 2011 - 19:54

It grutte wandkleed dat yn 1985 yn it Vaticaan ûnder it rút fan de paus hong by de sillich-ferklearring fan Titus Brandsma, mei permanint yn it museum yn Boalsert bliuwe. Allinnich as Titus Brandsma hillich ferklearre wurdt moat it foar de seremoanje werom nei Rome. Dat sei de Karmeliter prior generaal Millán Romeral nei syn besite fan twa dagen oan Fryslân.

It wandkleed hinget no yn de Franciscustsjerke neist it museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)