Opgravings yn Furdgum

15 jun 2011 - 18:21
  • De opgravings by Furdgum (foto's: Omrop Fryslân, Remco de Vries)

By de terp yn Furdgum is in grutte sleuf groeven. De Ryksuniversiteit fan Grins docht dêr archeologysk ûndersyk. Yn de sleuf fan 160 meter lang kinne de ûndersikers spoaren fine fan wol 1500 jier werom.

De terp fan Furdgum stiet op de râne fan in eardere kwelder. Dat is út de tiid foardat der seediken wiene. De ûndersikers wolle witte hoe't de bewenning fan dy terp him ûntwikkele hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)