Poepjes folget Galema op

15 jun 2011 - 17:19

Sietske Poepjes folget deputearre Sjoerd Galema op. Se is 31 jier en wennet yn Makkum. Se sit 4 jier yn de steaten. Sietske Poepjes is net in bekende namme foar it grutte publyk. Se komt fan De Lemmer oarspronklik. Se wurdt de nije deputearre foar it CDA.

Poepjes is fise-fraksjefoarsitter fan it CDA en hat no taal, kultuer en ûnderwiis yn har portefúlje. De beëage deputearre is no beliedsmeiwurker by Lemsterlân en juridysk adviseur fan de Stichting Duurzame Garnalenvisserij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)