Grindheim nei FC Kopenhagen

Christian Grindheim ferlit fuotbalklup SC Hearrenfean. Hy giet nei FC Kopenhagen. It kontrakt fan Grindheim rûn noch ien seizoen, mar de spiler is no ferkocht oan Kopenhagen. Dêr tekenet er woansdei in kontrakt foar trije seizoenen.
De ynternasjonal út Noarwegen spilet sûnt 2008 op It Fean en spile mear as 100 wedstriden. Hy skoarde sân kear. Beide partijen binne tefreden mei de ferkeap. Hy hie al oanjûn dat er yn de simmer graach fuort woe.