Skriuwers tsjin besunigings

It Skriuwers Boun nimt stelling tsjin de besunigings op kultuer. It Bûn hat in brief oan de fraksjes yn de Twadde Keamer skreaun. De besunigings liede ta kealslach ûnder Fryske skriuwers. De literêre tydskriften krije it dreech en dat is in poadium foar begjinnende skriuwers.
Teaterselskip Tryater wurdt ek troffen troch de besunigings en dat fernimme de toanielskriuwers. De lytsere organisaasjes wurde yn ferhâlding folle sterker troffen.