Bewenner Biltsestrjitte fûn
De bewenner fan it hûs oan de Biltsestrjitte yn Ljouwert is woansdei oanhâlden. It hûs baarnde moandei folslein ôf. De bewenners wiene fuort. De plysje hie de man fia syn famylje frege him sels te melden, mar dat die er net. De resjerzje spoarde him op hâlde er op syn ûnderdûkadres oan.
De plysje hat in tal fragen lykas wêrom't er mei syn freondinne en bern útnaaide, de buorlju net warskôge en wat er wit fan de himpkwekerij dy't yn it hûs fûn is.