Aksje foar behâld Lindenoord

Huize Lindenoord yn Wolvegea moat behâlden bliuwe. As it kolleezje fan Weststellingwerf de state ferkeapet, komme der aksjes fan de wurkgroep Behoud Lindenoord. Dy wurkgroep wol de state oerdwaan oan in stichting.
Lindenoord is belangryk om't der net folle monuminten yn de gemeente binne. De wurkgroep is lilk op it kolleezje. Boargemaster en wethâlders soene har neat oanlûke fan it plan om it gebou op te knappen. De gemeenteried beslút 27 juny.