Langer yn tsjinst by Proloog

15 jun 2011 - 11:24

De learkrêften fan Proloog bliuwe yn alle gefallen noch in jier yn tsjinst. De fakbûnen ha dat tiisdei ôfpraat mei de direksje fan de Ljouwerter ûnderwiiskoepel.

Proloog moat op koarte termyn 1,4 miljoen besunigje op de personele kosten. Der geane 45 banen ferlern. De direksje woe de minsken mei yngong fan 1 jannewaris dien jaan. Der is in soad ûnrêst yn de organisaasje. Ek ha minsken noed oer de kwaliteit fan it ûnderwiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)