Man slacht buorman mei hammer
In man (41) út Drachten hat syn buorman tiisdeitemiddei mishannele mei in hammer. De buorman (40) wie dwaande stikeltried fan de skutting ôf te heljen. Dat sinde de fertochte net en se krigen spul. De fertochte sloech syn buorman meardere kearen mei de hammer. Hy sit fêst op it buro.
It slachtoffer rekke ferwûne oan de hannen en earms.