Wim Stroetinga wint Krommenie

14 jun 2011 - 22:34
  • Wim Stroetinga (Foto: Rudie Ottens)

Wim Stroetinga hat de 'Pinksterdrie Ronde van Krommenie' wûn. De hurdfytser fan Aldeberkeap wie nei 80 kilometer fan dit kritearium de rapste fan trije man. Nico Vuurens út Meerkerk waard twadde, Amsterdammer Levi Heimans tredde. Dizze trije man wiene oerbleaun út in fjouwer man sterke kopgroep dy't nei in lyts oere ûntstien wie. It peloton waard dûbele.

It is de sechsde oerwinning fan Wim Stroetinga dit seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)